Buro fan Yndiaanske Saken

Buro fan Yndiaanske Saken
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Bureau of Indian Affairs
("Buro fan Yndiaanske Saken")
ôfkoarting BIA
lân Feriene Steaten
oprjochte 1824
falt ûnder Min. f. Binnenlânske Saken
doel bestjoer en behear fan
Yndiaansk lân
sifers
wurknimmers 8.700 (2008)
jierliks budget $2,4 miljard (2008)
oar
webside www.bia.gov

It Buro fan Yndiaanske Saken (Ingelsk: Bureau of Indian Affairs, BIA) is in ynstânsje fan 'e Amerikaanske federale oerheid dat ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It waard oprjochte yn 1824, en is ferantwurdlik foar it bestjoer en behear fan Yndiaansk lân, d.w.s. de Yndianereservaten en it bûtenreservaatsk beheargebiet fan 'e 566 federaal erkende Yndianestammen en Alaskaanske Inûyt-organisaasjes. Dêrby giet it om likernôch 225.000 km² lân. Fierders hat it BIA ek foech om út te meitsjen hokker stamme-organisaasjes oft yn 'e Feriene Steaten yn oanmerking komme foar federale erkenning, mei alle rjochten en belestingfoardielen dy't dat opsmyt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne